Kompetysjekeatsen

Fanôf de earste tiisdei yn maaie begjint it kompetysjekeatsen en trainen foar de jongerein! Dit jier sil it de 2e tiisdei wêze, 8 maaie, yn ferbân mei it keatskamp.

Foar jongerein oant en mei 16 jier (14-16 jierrigen meie ek by de snenioaren op tongersdei meidwaan).
Tiisdeitejûn om 19.00 oere (de 1e kompetysjejûn is de earste tiisdei yn maaie en giet troch oant en mei de lêste tiisdei yn augustus).

 

It kompetysjekaartsje sneins foar 20.00 oere ynleverje by:
Geertje Sijbesma, Hofsleane 12, Easterein, Till. 0515-332197
Mail: kompetysje@kfeasterein.nl (allinnich foar de bûtenleden!)

It kompetysjekaartsje wurdt mei de nije yndieling fan de keatstrainingen útrikt. Immen dy’t  gjin keatstrainingen folget, krijt it kompetysjekaartsje op de 1e kompetysjejûn.