Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Yn bysûnder keatswykein mei de Federaasje-KNKB dei yn Easterein. In tige slagge keatsdei ûnder it motto "Bring de keatsers by it keatsen"!

 

Mar we begjinne dit nijs mei de lokwinsken oan voetbalvereniging SDS dy op freed 1 juny mei 1-3 wûn yn en fan Makkum. Dêrmei waard it plak yn de 2e klasse foar takom seizoen behâlden.

 

SNEON 2 JUNY

 

Federaasje - KNKB

 

In bjusterbaarlike moaie keatsdei yn Easterein! It ferslach en alle foto's folgje fansels noch! We begjinne mei de prizen fan de ferlotting dy noch net ôfhelle binne. It giet om de folgjende lotnûmers:

Oranje: 15, 177, 415, 588

Wyt : 47, 502, 569, 644, 673

 

De prizen kinne OANT 20 JUNY ôfhelle wurde by:

Jikke Velzen-Greidanus, Dobbelân 3, 8734 GZ Easterein

 

Easterein

In spesjale keatsdei yn Easterein hjoed, de Federaasje-KNKB dei, organisearre troch Federaasje Snits e.o. Moarns federaasjewedstriden foar de jongerein en senioaren en middeis om 14.00 KNKB-haadklasse manlju en froulju. Mar ek de kabouters fan Easterein hienen hjoed in wedstriid fansels!

 

Haadklasse manlju

Menno van Zwieten, Taeke Triemstra en Marten Feenstra winne de útnoegingspartij foar de manlju. Yn de finale binne hja te sterk (5-2:6-4) foar Gert Anne vd Bos, Hendrik Jan vd Velde en Hans Wassenaar.

 

Haadklasse froulju

By de froulju steane yn de finale Lisette Wagenaar, Leonie vd Graaf en Anke Marije Pompstra tsjin Marije Hiemstra, Sjoukje Visser en Fenna Zeinstra. Twa froulju fan Easterein yn de finale dus! De winst wie foar Lisette en dy doe Leonie op 5-5:6-4 boppe sloech. Foar Anke Marije winst yn eigen doarp. De twadde krâns op de haadklasse (ferline wike yn Jorwert) en foar Marije de twadde priis, lykas yn Jorwer doe hja ek al yn de finale stie.

20120602 EastereinHKFroulju

Martine Tiemersma keatste Nynke Sybrandy en Bianca vd Veen, mar se koenen it net risse tsjin  Joukje Kuperus, Mariska Hoogland en Harmke Siegersma dy de 3e priis wûnen

 

Ferslaggen en útslaggen Federaasje folgje noch....

20120602 FederaasjeFJ

 

Krânsewinners jongerein en froulju

 

 

Manlju 1e klasse útnoeging

Jelte Pieter Dijkstra wint mei Hendrik Bouwhuis en Hillebrand Visser de 3e priis. Hja ferlieze de heale finale mei 3-5:2-6 fan Willem Jan Postma, Jacob Klaas Haitsma en Rudolf Soepboer.

 

 

Jonges ôfdieling + t.i.l.

Doede Rients Okkema wint in 2e priis op de t.i.l. wedstriid mei Erwin Zijlstra Easterlittens en Gerrit Scharringa, Wjelsryp. Yn de 1e omloop fan de ôfdielingswedstriid hie Easterein mei Doede Rients Okkema, Nies Douwe Yntema en Rémon Tie Bouma it ferlern fan Dronryp.

 

 

Famkes ôfdieling + t.i.l.

Easterein 1 mei Gerry Edou Mollema, Arjanne Schaafsma en Nyncke Pytsje Terpstra keatsten tsjin Bitgum en winne dat. Dêrnei wurdt ferlern fan Frjentsjer.

 

Easterein 2 mei Dian Dijkstra, Jitske Veldman en Margretha Terpstra ferlieze de 1e omloop fan Seisbierrum. Jitske wint de 3e priis mei Corina de Vries, Bitgum en Jildou Sweering, Folsgare.

 

 

Pupillenfamkes ôfdieling + t.i.l.

Easterein mei Mirjam Punter, Selma de Boer en Jeska Terpstra keatse de 1e omloop tsjin Berltsum1 en ..?

 

 

Welpenfamkes t.i.l.

Yn de ferliezersronde winne Corrie Kroondijk mei Marrit Oosterbaan Goënga de 1e priis en Roelie Kroondijk Easterein mei Marrit Meijer Wommels de 2e priis.

 

 

Snein 3 juny

 

KNKB

 

Froulju 1e klasse frije formaasje

Yn Winsum wie de winst foar Ilse Noorman, Mariska Hoogland en Anke Marije Pompstra. Se winne de finale mei 5-1:6-4 fan Marie-Jetske Lettinga, Marije vd Meer en Idske Zijlstra. Foar Anke Marije wie dit de 3e krâns op’e rige!

20120603 Winsum1eklasse

 

 

Pupillenfamkes

Yn de A-klasse wienen de krânsen foar Jeska Terpstra en Amarins de Groot fan Mantgum.

20120603 Jirnsum_pupillenfamkes

Yn de B-klasse wint Mirjam Punter mei Lobke Vlasblom fan Idskenhúzen de 2e priis

 

 

Sjoch foar alle útslaggen op www.knkb.nl as www.kaatsen.nl

 

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters